Tys & Teske foarlêsboek
Tys & Teske foarlêsboek
It foarlêsboek Tys & Teske fan ferskate skriuwers (uitgeverij Afûk) is BoekStart-kar foar de moanne septimber.
Foar bern fan 3 jier en âlder.
-
25 aventoeren
Tys en Teske wenje neistinoar en binne bêste freonen. Se boartsje graach tegearre en belibje fan alles. Yn dit foarlêsboek fynst 25 aventoeren fan Tys en Teske. Sa sykje Tys en Teske peaske-aaien, boartsje se mei modder, giet Tys by Teske útfanhûs, makket Teske wat moais foar memmedei en belibje je se noch folle mear.
-
Foarlês- en taalstimulearringsprogramma
Tys en Teske is it nije Frysk foarlês- en taalstimulearringsprogramma foar pjutten. It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn de omgong mei jonge bern. Foarlêze, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en oandacht foar deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk.