Leavepop
Leavepop
It boek Leavepop fan Marijke Keur (útjouwerij Afûk) is BoekStart-kar foar de moanne maaie.
Foar pjutten en beukers fanôf 3 jier.
-
Bliuw dysels
Leave is in lyts, sêft poeske. Har eachjes glânzje as stjerkes. En se hat in stimke, myld as de wyn. Mar as de skoalbel giet, fielt Leave har soms fertrietlik. Yn de klasse binne se net altyd allegear leaf. Der is ien dier dêr’t Leave by opsjocht: Popke. In grutte liuw mei moaie, swarte moannen. Elkenien fynt Popke stoer. Mar net ien wit dat er him soms allinne fielt. Hy wol dat se him ek oanhelje, krekt as Leave.
-
Mear Leavepop
Leavepop is in ferhaal oer sêft wêze, sterk wêze en foar dysels opkomme. Oer wat it betsjut om écht dapper te wêzen. Net troch lûd te roppen, mar troch trou te bliuwen oan wa’tst bist. Het boek is ook in het Nederlands verkrijgbaar: Lieverik (uitgeverij Louise).