Ik wol in bosk op ’e jierdei
Ik wol in bosk op ’e jierdei
It printeboek Ik wol in bosk op ’e jierdei fan Linda de Haan (útjouwerij Afûk) is BoekStart-kar foar de moanne april.
Foar pjutten en beukers fanôf 3 jier.
-
De strjitte is in bosk
Simke hat foar har jierdei in beam frege. Klasgenoatsjes sizze dat dat net kin en dat it dom is as je op de twadde ferdjipping wenje. Dat sille wy noch wol ris sjen, tinkt Simke. Se docht in winsk en skriuwt ek in brief oan de boargemaster. As se op in dei wekker wurdt, sjocht se skaden fan tûken en blêden. Dreamt se noch?
-
Tegearre bûtendoar ûntdekke
Dit boek kin in moaie oanlieding wêze om tegearre de natuer te ûntdekken. Steane der in protte beammen yn jim strjitte? Lykje dy op de magyske beammen yn it boek? Of gean krekt as Simke beammen knutselje (side 7-8). Sjoch op de lêstip fan Keimpe foar mear ynspiraasje.
It printeboek is ek yn it Nederlânsk te krijen.
Het prentenboek is ook in het Nederlands verkrijgbaar: Ik wil een bos voor mijn verjaardag (Ploegsma).
Linda de Haan
Ik wil een bos voor mijn verjaardag
Simke is bijna jarig en heeft een grote wens: een boom in de straat. Ze schrijft een brief aan de burgemeester. Als ze een paar dagen later wakker wordt, staat de straat vol bomen! Door de bomen komt de hele buurt tot leven. Prentenboek met kleurenillustraties....