Jelle en juf
Jelle komt te laat omdat hij onderweg naar school ruzie heeft met een babydino. Hij graaft een tunnel in de zandbak om zijn banaan thuis op te halen. Jelle heeft altijd aparte fratsen. Juf heeft het er maar druk mee… Voor kleuters vanaf 4 jaar.
Stip yn it swimbad
Stip sil te swimmen mei syn nije swimbân. Doart er wol yn it wetter? In leaf ferhaaltsje foar bern dy’t it swimbad noch wol in bytsje spannend fine. Hurdkartonnen boekje. Foar pjutten fan 1,5 jier.
Ik moat sa noadich!
It lytse katsje Eva giet mei har mem en har babybroerke nei de merk. As se der krekt binne, fielt se ynienen dat se hiel noadich nei de wc ta moat!
Wat in rommel!
In eksterpear bout in nêst foar harren prachtige aaikes. Al gau miene se dat in gewoan nêst net goed genôch is en se komme mei fan alles en noch wat oansetten, it spul wurdt hoe langer hoe grutter, sels in auto wurdt nei it nêst tôge, oant…
Sipke op het kaatsveld / Sipke op it keatsfjild
Sipke komt yn de kunde mei in bekende Fryske sport, nammentlik it keatsen. It jierlikse famyljekeatstoernoai is yn folle gong. Sipke sjocht azemleas ta hoe’t it team fan syn Pake Spitsmûs it opnimt tsjin de iikhoarntsjes.
Sipke leert fierljeppen / Sipke leart fierljeppen
Tegearre mei syn freonen traint Sipke ûnder lieding fan Pake Spitsmuis foar in wedstriid fierljeppen. In oanrin, de peal yn ’t wetter plantsje, gau omheech klimme en dan… drûch de oare kant út helje! Foar pjutten fan 4 jier ôf.
Mol wol de moanne ha
Mol sjocht in heldere bal oan ‘e himel, en dy sil en moat er ha! Hy besiket fan alles, al sizze syn freontsjes Konijn, Egel en Eekhoorn dat it net kin (‘Je kunt de maan niet pakken, ze is heel ver weg’) jout hy net op.
Wêr bisto, lytse knyn?
It knyntsje hat him ferstoppe! Hiele jonge bern sjogge graach troch de gatsjes yn dit boek en kinne de tekstyl op de siden fiele.
Joazefine fiert fakânsje
De postboade is mei fakânsje en stjoert syn freonen op ‘e buorkerij in kaartsje. Hy leit yn ‘e sinne, yt allegearre lekkere dingen en sjocht bysûndere bisten.‘Fakânsjefiere, dat wol ik ek’, tinkt Joazefine!
Prinses Pompebledsje
Op in dei komt der in famke út in wetterleelje. De hiele dei boartet se mei allegear bisten, mar oan it ein fan de dei geane dy nei hûs. It famke hat gjin hûs.