Lucy krijgt de ene na de andere prinsessenjurk aangemeten, de een nog wolkeriger en rozer dan de andere. Maar Lucy ziet er steeds minder blij uit… Ze wil een jurk met zakken! Die is handig voor alle schatten die ze onderweg verzamelt. Kleine beestjes, schelpjes of een handje dril… Op de grote zacht gekleurde illustraties vol details is veel te zien. Voor kleuters vanaf 4 jaar.
Joazefine fiert fakânsje
De postboade is mei fakânsje en stjoert syn freonen op ‘e buorkerij in kaartsje. Hy leit yn ‘e sinne, yt allegearre lekkere dingen en sjocht bysûndere bisten.‘Fakânsjefiere, dat wol ik ek’, tinkt Joazefine!
Prinses Pompebledsje
Op in dei komt der in famke út in wetterleelje. De hiele dei boartet se mei allegear bisten, mar oan it ein fan de dei geane dy nei hûs. It famke hat gjin hûs.
Sipke vindt een kievitsei / Sipke fynt in ljipaai
De lytse pipermûs Sipke giet der yn de maitiid op út om ljipaaien te sykjen mei syn pake, in echte ‘fjildman’. Se rinne troch de Fryske greiden, kipe oer de sleatsjes lâns en dan fine se in aai. It earste ljipaai!
De lytse walfisk
De heit fan Boi is fisker en faak fan hûs. Se wenje mei wol seis katten yn in houten hûske deun by de see. Wannear’t de lytse Boi nei in stoarm op it strân in walfiskje fynt, nimt er him mei nei hûs om te fersoargjen.
It grutte famyljeboek
‘It grutte famyljeboek’ is in moai boek ast it ris mei de bern oer famylje hawwe wolst, of as der bygelyks wat feroaret yn de famylje.
Sipke syn Alvestêdetocht
As pake Spitsmuis ‘’t Giet oan’ ropt, is dat foar him it begjin fan in swiere reedriderstocht lâns de Fryske alve stêden. As hy foarby Hylpen wat te iten út syn rêchpûde hellet, komt pake-beppesizzer Sipke derút rollen.
Fûgel en Mol ûntdekke in wrâldtaal
Fûgel libbet yn de loft en Mol libbet ûnder de grûn. Se libje yn twa ferskillende wrâlden. De twa bisten beslute om elkoar te helpen en leare om de wrâld fan elkoar te begripen.
It hûs fan Simen
Simen Slak is grutsk op syn hûs. Foaral op de bûtenkant. Binnen is it mar saai. Der moat wat moais, wat fijns yn komme, fynt Simen. Mar wêr fynst dat?
Kikkert en de fallende stjer
Ast in fallende stjer sjochst, dan meist in winsk dwaan,’ sei Hazze. Allegear sjogge se in stjer fallen. Utsein Kikkert, dy’t krekt de ferkearde kant op sjocht.
- Page 1 of 2
- 1
- 2