Tegearre mei syn freonen traint Sipke ûnder lieding fan Pake Spitsmuis foar in wedstriid fierljeppen. In oanrin, de peal yn ’t wetter plantsje, gau omheech klimme en dan… drûch de oare kant út helje! Foar pjutten fan 4 jier ôf.
Sipke op het kaatsveld / Sipke op it keatsfjild
Sipke komt yn de kunde mei in bekende Fryske sport, nammentlik it keatsen. It jierlikse famyljekeatstoernoai is yn folle gong. Sipke sjocht azemleas ta hoe’t it team fan syn Pake Spitsmûs it opnimt tsjin de iikhoarntsjes.
Mol wol de moanne ha
Mol sjocht in heldere bal oan ‘e himel, en dy sil en moat er ha! Hy besiket fan alles, al sizze syn freontsjes Konijn, Egel en Eekhoorn dat it net kin (‘Je kunt de maan niet pakken, ze is heel ver weg’) jout hy net op.
Wêr bisto, lytse knyn?
It knyntsje hat him ferstoppe! Hiele jonge bern sjogge graach troch de gatsjes yn dit boek en kinne de tekstyl op de siden fiele.
Ynstruminten (diel 2)
Stevich kartonboekje mei lûden dy’t de platen ta libben bringe troch Marion Billet. Wat hearst? Witsto hoe’t in klarinet klinkt? Of in sello?
Sipke syn Alvestêdetocht
As pake Spitsmuis ‘’t Giet oan’ ropt, is dat foar him it begjin fan in swiere reedriderstocht lâns de Fryske alve stêden. As hy foarby Hylpen wat te iten út syn rêchpûde hellet, komt pake-beppesizzer Sipke derút rollen.
Buorkerij
In jier op ‘e pleats. Yn ‘e maitiid boartsje de lammen yn’ e greide, yn ‘e simmer moat de boerinne hooi meitsje, yn’ e hjerst wurdt it lân omploege en yn ‘e winter wurde de kij waarm en droech hâlden yn’ e stâl.
Tútsje derop!
It hûntsje, it skiep, de aap, de bear en de oaljefant ha allegear in ûngelokje hân. De iene hat in sear poatsje, de oare stapt op syn eigen slurf. Wat no?
Dit is Stip – kartonboekje
In nij Stipboek foar de alderlytsten, dat yn de foarm fan Stip makke is! Leuk om mei te boartsjen én leuk as dekoraasje op de bernekeamer!
Dêr is se dan! En wat no?
Lytse Bear sjocht út nei de komst fan syn babybroerke of –suske. Oant se der is. Dan blike mem en heit ynienen gjin tiid mear foar him te hawwen.
- Page 1 of 2
- 1
- 2