Zoekresultaten
Resultaat 421 - 440 (van 2849)
Anneke Sieperda Omsjen
Teatske wurket yn it Bonifatiussikehûs yn Ljouwert. It is oarloch, it wurk is net sûnder gefaar en har heit wol graach dat se wer thúskomt. Mar Teatske fynt dêr har earste, allesoerhearskjende leafde. Se kin en wol de sike minsken en har leafste: de bysûndere, sensuele Joadske Otto, net yn 'e steek litte. As se troch omstannichheden dochs weromgiet nei har bertedoarp hoopt en dreamt se oer in libben mei har Otto. Mar dan krijt Teatske in brief... Yn maaie '45 as hiel Europa yn it ljocht fan...
Fictie
Westerlauwers Fries | 224 pagina's (ePub2, 1,3 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Willem Tjerkstra Krêft fan it folk
Krêft fan it folk is it achtste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften,...
Fictie
Westerlauwers Fries | 236 pagina's (ePub2, 1,5 MB) | Uitgeverij Aspekt, Soesterberg | 2021
E-book
Hanneke de Jong Sis my wa't ik bin
Fictie
Westerlauwers Fries | 79 pagina's | Bornmeer, Gorredijk | 2020
Gedrukt boek
De Fryske Wrâld 500 Friese werkwoorden
Non-fictie
Nederlands | Westerlauwers Fries | 263 pagina's | De Fryske Wrâld, [Leeuwarden] | 2022
Gedrukt boek
Stifting Freonen fan it Frysk Ynstitút oan de Ryksuniversiteit te Grins De takomst fan de frisistyk
tradysje en fernijing
Op 29 maart 2019 organisearre de Stifting Freonen Frysk Ynstitút Ryksuniversiteit Grins, yn 'e mande mei de Fryske Akademy, in sympoasium oer de takomst fan de frisistyk, de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal en kultuer. Hoe moat dy stúdzje stal jûn wurde no't de niget oan talestúdzjes stadichoan minder wurdt? Wa is eins ferantwurdlik foar de takomst fan de frisistyk? Yn dizze bondel litte alve minsken út it fjild har ljocht oer dizze problematyk skine. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 64 pagina's (ePub2, 1,8 MB) | FFyrug, Dokkum | 2020
E-book
Joseph Conrad De oerwinning
De heit fan de Sweed Axel Heyst wie de filosoof fan de doelloasheid fan it libben en fan de bannen dy't men yn it libben mei oaren oangiet, dy't de minsk inkeld mar kwetsber meitsje. Syn soan Axel hat genôch fan dy hâlding skipe om derfoar te kiezen om syn libben iensum te libjen, wat er die troch him net as in klûzner werom te lûken, mar troch omswalkjen sûnder rêst en troch sûnder bannen oan te gean op hieltyd wer oare plakken nergens fêst te wenjen. Sadwaande hie er it middel ûntdutsen...
Fictie
Westerlauwers Fries | 312 pagina's (ePub2, 1,8 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2020
E-book
Jan Schokker De flecht fan Victor
It liket in gewoane dei te wurden. No ja, Ale Alema is sûnt koart oan 't sporten en dat is foar him ûngebrûklik. En dat syn kollega's iderkear oer syn pensjoen begjinne, noasket him mar min. Mar op it buro hearsket de wenstige drokte. Apps tingelje, de telefoan giet in kear of trije oer en nijsgjirrige mails freegje Ale syn omtinken. Hy giet mei Wytske nei de famylje Pintano yn Aldskoat, dêr't in wike lyn dochter Tine fan ferdwûn is. Heit is troch alles hinne, mem liket kalm. Dyselde dei noch...
Fictie
Westerlauwers Fries | 116 pagina's (ePub2, 0,9 MB) | Elikser Uitgeverij, Leeuwarden | 2020
E-book
Fleur van Ingen Leafde yn Ljouwert
Sy wol dat er fuortgiet, hy wol híel graach bliuwe… As troubleshooter yn in fiifstjerrehotel is Jinte Jellema wol wat wend. Se komt dan ek fuort yn aksje as se heart dat de Keningssuite yn ien jûn hielendal útwenne is troch in frijgesellefeest en dat de oansteande brêgeman wegeret om de keamer te ferlitten. Mei har keycard iepenet se de doar fan de lúksesuite, en mei kordate stappen rint se nei binnen ta… Under de dûs besiket Hein van Kammen om de foarrige jûn fan him ôf te spielen. Hy woe...
Fictie
Westerlauwers Fries | ePub2 | Harlequin, Amsterdam | 2020
E-book
Galerie de Roos van Tudor Abe Gerlsma
zijn werk, zijn leven
Non-fictie
Engels | Nederlands | Westerlauwers Fries | 164 pagina's | Galerie de Roos van Tudor, Leeuwarden | 2008
Gedrukt boek
Willem Schoorstra Rosmos
Westerlauwers Fries | 116 pagina's | Het Nieuwe Kanaal, [Leeuwarden] | 2019
Gedrukt boek
Wilma Miedema In oare wei, mei oare eagen
Op in dei, as Willemien op har wurk dwaande is mei in folder, giet it net sa't se wol. Se makket in protte flaters mei typen en de tekstyndieling giet ek hielendal ferkeard. Letter hat se muoite mei it autoriden en thús rint se iderkear by de doar op. Har sicht wurdt hieltyd minder en se wurdt der bang fan. De húsdokter stjoert har troch nei it sikenhûs en fia de eachdokter komt se by de neurolooch terjochte. En dan docht bliken, dat se twa harsenynfarkten hân hat. Binnen in tiidsbestek fan twa...
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 173 pagina's (ePub3, 3,5 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Hilda Talsma De Onnie's en it hynstebal
It libben fan Connie en Bonnie Kamstra stiet op 'e kop troch in ûnferwacht foarfal, wêrtroch de ferhâldings feroarje en op skerp komme te stean. Dat Roos en Hindrik op de pleats passe moatte en de camping Roos oer de hege skuon rint, komt dan ek krekt op it goede momint. De Kamstra's geane derhinne om te helpen en dat bringt de Onnie's yn kontakt mei in hiele oare wrâld, dy fan de hynders. Se ha de smaak al gau te pakken en Connie set Wildrik, in eigenwize Fryske hynst dêr't sels Hindrik net...
Fictie
Westerlauwers Fries | 241 pagina's (ePub2, 1,3 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Joseph Conrad Sulver en minsken
'Der is gjin frede en gjin rêst bij de ûntjouwing fan saaklike belangen. Dy ha har eigen wet en rjucht. Mar it is baseard op wat it bêste útkomt en is ûnminsklik. It is net rjuchtskepen, hat net dy tiidloasheid en dy kracht dy't men inkeld fine kin yn in moreel begjinsel.' Dat sitaat soe men mei rjucht it tema neame kinne fan dit boek Sulver en minsken (1904). De belangrykste 'persoan' soe men de sulvermyn neame kinne dêr't alles om draait. It is likernôch 1885. Yn it fiktive Súd-Amerikaanse...
Fictie
Westerlauwers Fries | 391 pagina's (ePub2, 2 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Reinder Politiek De rykdom fan it ferline
Yn De rykdom fan it ferline fertelt Reinder Politiek oer it boerelibben yn syn bertedoarp Kimswert yn de tiid dat hy jong wie. Hoe't hy, lykas syn heit, boer wurden is, krekt as syn pake en oerpake. Der feroaren yn dy tiid net in protte dingen. Alles stie fêst en gie sa as it al jierren lang gien wie. Alles moast mei de hân dien wurde, en mei help fan hynders. It wie soms dreech om de fruchten út de grûn en op 'e tiid ûnderdak te krijen, sadat der yn 'e winter genôch te iten wie foar minsk...
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 257 pagina's (ePub3, 12 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Skriuwersboun Nearnewâld
It Skriuwersboun 50 jier
Libben en dea, leafde en haat, gearwurking en oergeunst, mienskip en iensumens: it is allegear te finen yn Nearnewâld. Der wurdt fochten en frijd, rabbe en swijd, wat dat oangiet is it in plak as alle oare plakken op 'e wrâld. Omdat It Skriuwersboun 50 jier bestiet, hat in grut tal Fryske skriuwers en dichters foar harren lêzers dit meartalige Nearnewâld optocht. It útgongspunt wie in tekening fan Laurens Bontes, in sykplaat dêr't elk in detail út keazen hat. It einresultaat is in mearsidige...
Fictie
Westerlauwers Fries | 162 pagina's (PDF, 19 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Meindert Bylsma In balpinne tsjin 'e râne fan it trottwaar
Koartswyl, satire, grutte gedachten, lytse gedachten, de balpinne set Meindert Bylsma oan ta skriuwen. En dan kinne jo alles ferwachtsje. Fan mearkes oant gedichten fan neat. In bysûndere samling fan in orizjinele geast, dy't al ferskate opfallende spoaren neilitten hat yn de Fryske literatuer. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Fictie
Westerlauwers Fries | 50 pagina's (ePub2, 0,6 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Douwe de Bildt De Jorwerter dweilstikken
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 160 pagina's | Bornmeer, [Gorredijk] | 2018
Gedrukt boek
Tresoar, Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Het Oera Linda-boek
facsimile, transcriptie, vertaling
Het Oera Linda-boek is een mystificatie vallend binnen de Nederlandse literatuurgeschiedenis. Het manuscript is ontdekt in 1867, is geschreven in een zogenaamd Oud-Fries handschrift en geeft een geschiedenis weer van een Friese samenleving. Het boek is sindsdien onderwerp van discussie over de echtheid er van en over wie de auteur(s) kan/kunnen zijn. De auteur is wetenschapper (litaratuurhistoricus Nederlandse- en Friese letterkunde) en levert in deze uitgave facsimile's van de tekst, een transcriptie...
Non-fictie
Nederlands | Westerlauwers Fries | 447 pagina's | Verloren, Hilversum | 2006
Gedrukt boek
Theun de Vries Alles begjint by de dingen
Gedichten in het Fries met Nederlandse vertaling.
Non-fictie
Nederlands | Westerlauwers Fries | 84 pagina's | Querido, Amsterdam | 2004
Gedrukt boek
Afûk 'Do draachst de leafde oan'
literatuer fan Fryslân troch in rôze bril; literatuur van Friesland door een roze bril
Fictie
Nederlands | Westerlauwers Fries | 400 pagina's | Afûk, Ljouwert | 2021
Gedrukt boek