Zoekresultaten
Resultaat 161 - 180 (van 2849)
Jetske Bilker Spegel en sonde
Fictie
Westerlauwers Fries | 300 pagina's | Bornmeer, Gorredijk | 2021
Gedrukt boek
Anneke Sieperda Omsjen
Fictie
Westerlauwers Fries | 222 pagina's | Elikser Uitgeverij, Ljouwert | 2021
Gedrukt boek
Sjoerd Bottema de grize oer de grouwe
duvelske streken, harkboek ynlêzen troch de skriuwer
Goeie ferhalen meie altyd wer op 'e nij ferteld wurde. Yn dizze bondel jout Sjoerd Bottema syn eigen draai oan bekende en minder bekende folksferhalen. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos. Oer harren tsjustere praktiken, grouwélich en grousum, mar ek gauris fermaaklik. Sjoerd Bottema debutearre yn 1995 mei It fertriet fan dokter Kildare. Dêrnei ferskynden ferskillende ferhalebondels en in roman. De bondel It piipjen fan de proai út 2009 kaam earder út as harkboek by Audiofrysk (AF-F24)....
Westerlauwers Fries | 5 uur 15 minuten (454 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2021
Luisterboek (digitaal)
Hein Jaap Hilarides Beppe Xenia
Harkboek, foarlêzen troch Geartsje de Vries
Xenia is grutbrocht yn de Dravadelte fan Slovenië. Dêr treft se Freek Wassenaar, in boeresoan út It Bilt. Freek en Xenia wurde fereale en sette har nei wenjen yn Fryslân. Se trouwe yn 1933, it jier dat Hitler oan de macht komt yn Dútslân. Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch rint Xenia in âlde leafde tsjin it liif, Dietrich Kleeblatt, in SD'er dy't yn Nederlân wurket. Mei om't Xenia Dútsk prate kin en goed sjonge, brûkt hy har en bringt sa it libben fan Xenia en Freek bot yn ûnstjoer....
Westerlauwers Fries | 7 uur 15 minuten (625 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2021
Luisterboek (digitaal)
Trinus Riemersma De fûgel
Yn in Italjaansk doarp komt de fûgel werom... It doarp leit as in roekenêst op in heuveltop. Lang lyn, yn de ûnrêstige tiden, wie dat in pree. It doarp wie ûnnimber foar de fijannen en it woeks út ta it bestjoerlike sintrum fan de krite. Dit is allegear fergiene gloarje. Mear as it oantinken oan it grutte ferline is net bleaun. En tsjustere skiednissen, dêr't nimmen graach oer praat. Lykas oer dy fûgel dy't as in duvel út 'e hel boppe it doarp hong en ûnferhoeds delsaaide. Mar dy fûgel...
Westerlauwers Fries | 1 uur 31 minuten (94 MB) | Venus, Haarlem | 2021
Luisterboek (digitaal)
De 100 mooiste Friese gedichten
Eigenzinnige keuze uit de Friestalige poëzie van vooral na 1980.
Non-fictie
Nederlands | Westerlauwers Fries | 239 pagina's | Kleine Uil, [Groningen] | 2006
Gedrukt boek
Fryslân
±1926-1934; schaal 1:25.000
Non-fictie
Nederlands | Westerlauwers Fries | 33 pagina's | Nieuwland, Tilburg | 2006
Gedrukt boek
Hanneke de Jong It Ferbeane Boek
Fictie
Westerlauwers Fries | 118 pagina's | Bornmeer, Gorredijk | 2020
Gedrukt boek
Rients Faber Helia en har wrâld mei Chopin
Fictie
Westerlauwers Fries | 134 pagina's | [Brave New Books], [Rotterdam] | 2019
Gedrukt boek
Froon Akker Ik bedoel mar
Sechstjin ferhalen dy't mei ynmoed beheard wurde troch in pensjonearre kondukteur, dat is de ferhalebondel 'Ik bedoel mar!' yn in nutedop. It binne ferhalen dêr't minsken yn konfrontearre wurde mei de ferrassingen dy't it bestean yn 't fet hat. Faak lykje it mar lytse foarfallen, lykas in busreiske troch de Pyreneeën oer wegen dy't like smel binne as dat de bus breed is. Of nim de jongkeardel dy't, ûnderweis nei syn wurk yn in muzykkafee, in filmke makket fan twa sjoppende froulju en der úteinlik...
Westerlauwers Fries | 6 uur 45 minuten (299 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2019
Luisterboek (digitaal)
Koos Tiemersma In aap klimt út de beam
Bobo de aap is ûntsnapt út 'e dieretún om him nei wenjen te setten yn 'e bosk. Dêr is er sûnder it te wollen tsjûge fan in frijpartijtsje yn de fiver. Hy klimt út syn beam, siket wat klean byelkoar, om ferklaaid as minske de wrâld yn te lûken. Even letter wurdt er opfongen troch de ôfkeurde learaar Norbert Schnabel, dy't him yntrodusearret by in nije, populistise beweging. Dan giet it rap. Al gau dûkt Bobo op yn populêre praatprogramma's, rjochtet er út 'e snackbar fan Harrie Kroket...
Westerlauwers Fries | 7 uur 32 minuten (317 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2019
Luisterboek (digitaal)
Baukje Zijlstra De koma-korrektor
Als Betty Vonk, corrector bij een dagblad, een boek gaat schrijven over de tijd dat haar vader als oorlogsvrijwilliger in Indië was raakt haar vader in coma. Betty gaat op onderzoek uit en tegelijk speelt er een reorganisatie bij het dagblad.
Fictie
Westerlauwers Fries | 254 pagina's | Afûk, Ljouwert | 2018
Gedrukt boek
Froon Akker Einum
Yn it djippe suden fan Kanada set in fûgeltsje útein mei de oerstek nei Europa. Tagelyk wurdt by in wenningstichting yn it noarden fan Nederlân in brief opsteld. Balansearjend op it snijflak fan lân en see leit Einum, in buertskip yn in lânskip fan boulannen mei op de achtergrûn in him yn rap tempo útwreidzjend havengebiet. Yn achttjin miniatueren wurdt in skets jûn fan de ynwenners: in keunstner dy't besiket de skimering tusken skaad en ljocht fêst te lizzen, in demintearjende frou, in...
Westerlauwers Fries | 9 uur (512 MB) | Froonakker, Easterwierrum | 2016
Luisterboek (digitaal)
Kathy Reichs Firalen
In magysk en tige spannend fantasyferhaal yn it sjenre young adult fiction fan de hân fan de populêre skriuwster Kathy Reichs. In wolk luts foar de sinne del en smiet in skaad oer de lytse romte dêr’t ik op ’e knibbels siet. Imerkes tsjirpten op ferburgen plakken. It swit plakte myn shirt oan myn rêch fêst. Neat kaam by my binnen. Myn geast siet kompleet fêst oan dy lytse brune foarwerpen foar my. Ik twong mysels om de wierheid ûnder eagen te sjen. Ik hie de bonkjes fan in minsklike hân...
Westerlauwers Fries | 12 uur 22 minuten (653 MB) | Elikser, Easterwierrum | 2016
Luisterboek (digitaal)
Brian McGilloway De lêste oerstek
Fictie
Westerlauwers Fries | 300 pagina's | Elikser Uitgeverij, Ljouwert | 2022
Gedrukt boek
Jelle Krol | Abe de Vries | Durk Gorter | Meindert Reitsma Jonge Friezen mei kulturele ambysje
Sympoasium ûnder de titel Fryslân en de wrâld 2.0 mei fjouwer lêzings oer ferskate aspekten fan (de ynfloed fan) Douwe Kalma
It biedwurd 'Fryslân en de Wrâld' is hast in ieu âld. Yn dat biedwurd lizzen allerhanne idealen besletten dy't de jonge generaasje fan 1915 neistribbe: it Frysk de algemiene kultuertaal yn Fryslân, Fryske literatuer in selsstannige literatuer, kulturele ferheffing fan it folk, wrâldliteratuer oerbringe yn it Frysk, de blik rjochtsje op Ingelân en Skandinavië en net op Hollân - en mear. Yn novimber 1915 rjochte de jonge Douwe Kalma (berne yn 1896) mei in oantal meistanners de Jongfryske Mienskip...
Westerlauwers Fries | 1 uur 34 minuten (89 MB) | Sirkwy/Tresoar, Easterwierrum | 2015
Luisterboek (digitaal)
Lida Dykstra De skat fan jonker Jan
Tekla, Timen, Roas en Atse fine it ferskriklik dat jonker Sibe syn state ferkeapje moat. Mar Sibom - sa't elkenien de âlde jonker neamt - kin net oars: it dak lekt. Op de muorren groeit skimmel, de flierren sitte fol môge... Sibom kin it grut ûnderhâld fan Ealamastate net betelje. Jan Hannes Hakbyl fan Walhalla-hotels wol de state graach keapje. Allinnich, dan wurdt it prachtige hûs wol ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in modern hotel. En de fiver en de bosk wurde in swimbad en in golfbaan!...
Westerlauwers Fries | 3 uur 56 minuten (238 MB) | Afûk, Easterwierrum | 2015
Luisterboek (digitaal)
Jelle Bangma Keatse foar de krânse
Jelke hâldt fan keatsen. Hy kin it goed, mar is ek bloedfanatyk! Gauris wint er de krânse, mar hy moat der wol hiel wat foar oer ha: in soad traine, gjin feestjes, betiid op bêd... Fan syn pake, ek in goede keatser, krijt er in pakje. Bringt dat gelok? Mei syn freonen hat Jelke faak sukses, mar hy wol mear! De Bûnspartij by de skoaljonges, en fansels de Freule! Mar Elske dan, en syn âlde maten? In moai ferhaal oer in jongesdream dy't útkomt. Ek foar famkes. Ynhâld Yn it Jongespartoer......
Westerlauwers Fries | 2 uur 36 minuten (147 MB) | Frysk en Frij, Easterwierrum | 2015
Luisterboek (digitaal)
Klaas Bruinsma | Pablo Neruda Blomlêzing út 'e Spaanse poëzij
yn de Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma
Mar in hantsjefol oersettings besteane der yn it Frysk fan Spaanstalige poëzij. Dizze bondel foeget dêr gâns in tal fersen oan ta. Klaas Bruinsma lit de lêzer yn ús eigen memmetaal genietsje fan al it prachtige dat Spaanse dichters troch de ieuwen hinne skreaun hawwe, yn krêftige, linige fersrigels. De earste gedichten binne al út it iere begjin fan de sechstjinde ieu, en geande troch de tiid hinne einiget de oersetter mei in noch libbene dichter út Nicaragua, dy’t yn syn eigen lân sjoen...
Westerlauwers Fries | 3 uur 16 minuten (174 MB) | Elikser, Easterwierrum | 2014
Luisterboek (digitaal)
Edgar Allan Poe | Willem Schoorstra | Aant-Jelle Soepboer | Geart Tigchelaar Fryske horror
Grouwélige ferhalen - Live registraasje
Ferhalen fan de Fryske Horrortoer 2014, organisearre troch útjouwerij Regaad Grins Bernlef, Easterwierrum de Tysker, Bitgummole Ons Huis, Dokkum Zero, Burgum Kiehool. Douwe Kootstra bringt in huveringwekkende stoarje út de Wâlden, dat him oan en by de Goddeleaze Singel ôfspilet, by wat no Noardburgum hyt. Willem Schoorstra skreaun it ferhaal Chill, dêr't it op in horribele wize mis giet. Gjin ferhaal om koart foar in jûntsje stappen te hearren. Aant Jelle Soepboer makke spesjaal foar dizze...
Westerlauwers Fries | 1 uur 41 minuten (95 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2014
Luisterboek (digitaal)