Zoekresultaten
Resultaat 161 - 165 (van 165)
Jan Schotanus De ûnmooglike reis fan de Santa Maria
Yn 1492 sylt Kolumbus mei trije skippen de Atlantyske Oseaan op om it koartste paad nei Ynje te finen. It wurdt in spannende reis, dy't jimme no meibelibje kinne yn de persoan fan Beart of Bartholomé de skipsjonge en syn tamme rôt Beppy of Camelia. Der is trouwens noch in hiel koar fan rotten ek oan board, en miskien is it wol oan dy ploech te tankjen, dat de reis rint sa't er rint. It oarspronklike boek is ferskynd yn 2003. Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwer. Inhoud De stap, de knap...
Westerlauwers Fries | 2 uur 25 minuten (146 MB) | Afûk, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Wieke de Haan Optriuwe en ôfbliuwe
Ferhaleboek foar froulju
Ferhaleboek foar froulju dy't de uterste hâldberheidsdatum naderje, passearje of út 'e wei gean wolle. Oer alles wat ophise, bykleure en fuortsûge wurde kin, of krekt net. Oer lytse en grutte argewaasjes, skytskjinne froulju en bewarderige types. Wat raukost, sûkela, in optriuwbeha en in reserveman foar in frou betsjutte kinne. Inhoud Skytskjin Beropsgeheim De broadsjes Foar de fûgeltsjes Himmeleritis Kataboalysk Kessentsjes Spermaspul Stress-hin Uterste hâldberheidsdatum Oerdwealske winterwoartel...
Westerlauwers Fries | 3 uur 8 minuten (106 MB) | Bornmeer, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Koos Tiemersma De mjitte
Mette krijt mei har fjirtichste oanstriid om yn har fammensjierren te dûken. Al gau sit se wer midden yn it ferline: yn de kleurrike folksbuert fan in Frysk stedsje, mei in alkohoalyske heit, in dweperige mem en Boyen, in wat jongere healbroer mei in fierstente rike fantasy. De fassinaasje fan Mette foar Boyen sloech om yn ôfgeunst en by einsluten in ferwidering tusken beide. Mar nei al dy jierren wol Mette op 'e nij kontakt mei Boyen en sjocht se foar it earst ek kritysk nei har eigen hâlden...
Westerlauwers Fries | 10 uur 31 minuten (645 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Riek Landman Liet foar myn jonge
De Fryske boerefamylje Seffinga emigrearret mei de bern yn de sechstiger jierren nei Normandië. Nei de dea fan heit Keimpe bliuwt syn widdo Minke wenjen yn it grutte âlde hûs by har dochter Andrea en dy har húshâlding. Minke har soan Arjen kin net rjocht aardzje yn Frankryk. Hy wurket earst yn Cherbourg en letter wennet er yn earmoedige omstannichheden yn Parys. In inkelde brief is syn iennichste kontakt mei de famylje. Minke begjint him stadichwei tige te missen en de langst nei it eardere...
Westerlauwers Fries | 5 uur 14 minuten (337 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Spikergek
Mette is gek op kompjûters. Op in stuit krijt se in koade en kin se geheime berjochten oer kompjûterfirussen lêze. Se komt yn de kunde mei in firus dat samar fan de digitale de echte wrâld ynglidet. En dan wurdt it spannend. Spikergek ferskynde yn 2002 by Bornmeer. Spikergek wurdt foarlêzen troch Anny de Jong. Foar reaksjes kin maild wurde mei annydejong@hetnet.nl Inhoud Gean der mar foar sitten In âlde bekende Strieltsjes swit en kola Ryp foar de psychiater Grien slym In kâlde oangelegenheid...
Westerlauwers Fries | 2 uur 31 minuten (148 MB) | Bornmeer, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)